Nieuws

San Sebastian 2016 | Baskyske spylfilm ‘Amama’ mei ûndertitels yn it Frysk

Delen

San Sebastian 2016 | Baskyske spylfilm ‘Amama’ mei ûndertitels yn it Frysk

LEEUWARDEN - EBLT en Kulturele Haadstêd Donostia San Sebastián 2016 presintearje: De Baskyske spylfilm ‘Amama’ mei ûndertitels yn it Frysk

Ta gelegenheid fan de ynternasjonale dei fan de memmetaal fan de Feriene Naasjes presintearret it Europeesk Buro fan Lytse Talen EBLT dit jier yn gearwurking mei Kulturele Haadstêd Donostia San Sebastián (DSS2016) de Baskyske spylfilm ‘Amama’. De Fryske titel is: Beppe, as in beam omgiet. De film is op sneon 20 febrewaris en snein 21 febrewaris te sjen yn Slieker Film yn Ljouwert mei Fryske ûndertitels. De nije film ‘Amama’ fan de Baskyske regisseur Asier Altuna giet oer in generaasje- en opfolgingskonflikt op in tradisjonele Baskyske boerepleats. De film makket op ’t heden furore op filmfestivals troch hiel Europa. De film is troch it EBLT nei Fryslân helle en fan Fryske ûndertitels foarsjoen yn gearwurking mei Kulturele Haadstêd Donostia San Sebastián 2016. Foar dyjingen dy’t gjin Frysk lêze of Baskysk ferstean kinne wurdt de film op snein 21 febrewaris, de offisjele memmetaaldei, ek noch in kear fertoand mei ûndertitels yn it Ingelsk.

Foarôfgeand oan de film presintearret sjef ynternasjonale gearwurking Eneko Garate Iturralde in oantal ûnderdielen fan it programma fan DSS2016. Yn dat programma is in soad omtinken foar tema’s as minskerjochten, minderhederjochten en it freedsum mei-inoar libjen fan ferskate talen en kultueren, in tige aktueel tema. Oan guon projekten fan DSS2016 wurdt no ek al folop meiwurke troch Fryske organisaasjes as AFUK en Tresoar. DSS2016 wol yn Ljouwert graach ûndersykje oft guon fan harren projekten ek trochlutsen wurde kinne nei Kulturele Haadstêd LWD-Fryslân 2018. Fertsjintwurdigers fan ús eigen Kulturele Haadstêd LWD-Fryslân 2018 sille de presintaasje bywenje en op de Baskyske presintaasje reagearje.

De film ‘Amama’ is te sjen yn Slieker Film op sneon 20 febrewaris, de middeis om 15.30 oere. De presintaasje fan Kulturele Haadstêd Donostia San Sebastián is foarôfgeand oan de film om 14.30 oere en fergees tagonklik.

Amama is noch in kear te sjen op snein 21 febrewaris, de moarns om 11.30 oere. De film is dan tagelikertiid te sjen mei ûndertitels yn it Frysk en yn it Ingelsk (yn twa aparte sealen).

---------------------------------------------

In het Nederlands

Het EBLT en Culturele Hoofdstad Donostia San Sebastian 2016 presenteren:
De Baskische speelfilm ‘Amama’ met Friese ondertitels

Ter gelegenheid van de internationale dag van de moedertaal van de Verenigde Naties presenteert het Europees Buro fan Lytse Talen (EBLT) dit jaar in samenwerking met Culturele Hoofdstad Donostia San Sebastian de Bastische speelfilm Amama. De Friese titel is: Beppe, as in beam omgiet (Oma, als een boom omgaat). De film is op zaterdag 20 en zondag 21 februari te zien in Slieker Film met Friese ondertitels.

De nieuwe film Amama van de Baskische regisseur Asier Altuna gaat over een generatie- en opvolgingsconflict op een traditionele Baskische boerderij. De film maakt op dit moment furore op filmfestivals door heel Europa. Het EBLT haalde de film naar Friesland en voorzag hem van Friese ondertitels. Voor diegene die geen Fries lezen of Baskisch verstaan is de film op zondag 21 februari (op de officiële moedertaaldag) ook te zien met Engelse ondertitels.

Voorafgaand aan de film presenteert chef internationale samenwerking Eneko Garate Iturralde een aantal onderdelen van het programma van DSS2016. In dat programma is veel aandacht voor thema’s als mensenrechten, minderheidsrechten en vreedzaam samenleven met verschillende talen en culturen. Een actueel thema. Aan sommige projecten van DSS2016 wordt nu ook al volop meegewerkt door Friese organisaties als AFUK en Tresoar. DSS2016 wil in Leeuwarden graag onderzoeken of hun projecten ook doorgetrokken kunnen worden naar Culturele Hoofdstad LWD-Fryslân 2018. Vertegenwoordigers van onze eigen Culturele Hoofdstad zullen de presentatie bijwonen en op de Baskische presentatie reageren.

De vertoningen zijn op:

  • zaterdag 20 februari 14:30 uur presentatie (gratis), 15:30 uur start film met Friese ondertitels (filmticket: 7,00 euro)
  • zondag 21 februari 11:30 uur in de ene zaal Fries ondertiteld, in andere zaal Engels ondertiteld (filmticket: 7,00 eu