Nijs

Undernimmersferiening De Schakel stipet lokale aktiviteiten lykas Augmented Reality

Dielen

Undernimmersferiening De Schakel stipet lokale aktiviteiten lykas Augmented Reality

SWICHUM – “Sûnt de komst fan it Ljouwerter UndernimmersFûns yn 2009 binne der ekstra middels om te ynvestearjen yn lokale aktiviteiten en foarsjennings”, fertelt foarsitter René Brouwer fan De Schakel. “Dat komt it wen-, leef- en wurkklimaat yn ús lytse mienskip perfoarst ten goede.”

Sa is der de ôfrûne jierren ynvestearre yn it organisearjen fan in Iepen Bedriuwedei, de oanskaf fan nije stuollen foar it doarpshûs en in springkessen foar de jeugd. “Ek de stipe fan it LF2018-projekt Augmented Reality Wurdum-Swichum hat in bydrage fan ús krigen. Yn ús doarpen binne de kommunikaasjelyntsjes koart, foar de finsansjele stipe fan mienskiplike aktiviteiten kin men altyd by ûndernimmersferiening De Schakel oanklopje.”

“Ik sjoch no mei oare eagen nei myn doarp”

Akteur Eelke van der Meer fan toanielferiening ‘Nut en Nocht’ fertolket Viglius yn de Augmented Reality app. Hy hie wolris fan Viglius heard, mar wist net krekt wa’t er wie. “Troch Viglius te spyljen bin ik folle mear oer him te witten kaam. Ik fyn it bysûnder dat dizze belangrike man yn Swichum wenne. Troch dit projekt mei Augmented Reality sjoch ik no mei hiele oare eagen nei myn omjouwing. Ek as ik no troch oare doarpkes fyts, sykje ik nei restanten fan ús Fryske skiednis yn it lânskip. Ik sjoch it as in ferriking fan myn blik op Fryslân.”

Kulturele talinterûte

Eelke fertelt dat de toanielferienings ‘Nut en Nocht’ fan Wurdum en Swichum, en ‘Lyts mar krigel’ van Wytgaard yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân 2018 ek in kulturele rûte op tou sette wolle. “Wy fine ferbining hiel belangryk. Dêrom wolle wy as toanielferienings ferbining sykje mei de minsken út de doarpen. Har de kâns jaan om harren talinten sjen te litten.” It idee is om yn it ferlingde fan de app ‘meAR Fryslân’ in dei te organisearjen wêrop’t minsken in rûte troch de doarpen ôflizze kinne. Op ferskate plakken litte ynwenners dan harren talinten sjen. “Dat hoecht net allinnich toaniel te wêzen. Der is ek romte foar in shantykoar dat sjongt, ien dy’t in ferhaal of in gedicht foarlêst of in groepke streetdancers dat in optreden jout.”