Nijs

Strikwerda & Smit tekenet foar merchandise LF2018: ,,As Frysk bedriuw sjogge wy de wearde”

Lieven Bertels wurdt flankearre troch Anne-Wies Smit en Johannes Strikwerda (Foto Wietze Landman).

Dielen

Strikwerda & Smit tekenet foar merchandise LF2018: ,,As Frysk bedriuw sjogge wy de wearde”

LJOUWERT – Strikwerda & Smit sil de merchandise fan Ljouwert-Fryslân 2018 fersoargje. Ek ûntwikkelet it Fryske bedriuw de webshop foar LF2018. Mei it ûndertekenjen fan in oerienkomst waard de gearwurking tiisdei 7 febrewaris offisjeel in feit. “Dit is in geweldich moai projekt!”

It bedriuw, mei de haadfêstiging yn Lytsewierrum, foege him begjin 2015 as ien fan de earste Club2018-leden efter it programma fan LF2018.

Dy gearwurking wurdt no dus útwreide: Strikwerda & Smit sil ûnder mear in webshop meitsje en aktivearret in wurkgroep mei dêryn de LF2018-partners as Talant en Omrin. Mei harren betinkt en ûntwikkelet Strikwerda & Smit duorsume produkten.

Lieven Bertels, direkteur fan LF2018, seit “fansels bliid te wêzen” mei de komst fan Strikwerda & Smit wêrtroch in wichtige promosjonele leveransier oan board helle is.

Strikwerda & Smit is al langer spesjalisearre yn duorsume produktûntwikkeling, it útwreidzjen fan de gearwurking mei LF2018 is, sa seit Johannes Strikwerda, in logyske stap: “Wy sjogge de wearde fan Kulturele Haadstêd fan Europa 2018: in geweldich moai projekt!” Johannes Strikwerda is tegearre mei Anne-Wies Smit eigner fan it bedriuw mei deselde namme.

Wolle jo mear witte oer it wurk dat Strikwerda & Smit leveret? Sjoch dan ris op de webside: strikwerdasmit.nl.