Nijs

Sjuery rikkemedearret LF2018 de Melina Mercouri Prijs oan

Dielen

Sjuery rikkemedearret LF2018 de Melina Mercouri Prijs oan

LJOUWERT - Ljouwert-Fryslân 2018 hat de lêste Europeeske toetsing foar de start fan it Kulturele Haadstêdjier poerbêst trochstien. De ynternasjonale sjuery priizget de wurksumheden oant no ta en konkludearret dat “it projekt op it goeie spoar sit”. Op 7 maart lêstlyn wie in delegaasje fan LF2018 yn Brussel om wiidweidich ferslach te dwaan fan de stân fan saken.

Woansdei 5 april waard bekend dat de sjuery de Europeeske kommisje in oanrikkemedaasje docht om LF2018 de Melina Mercouri Prijs ta te kennen. De priis bestiet út in jildbedrach fan 1,5 miljoen euro. “De sterke Europeeske diminsje” en it grut tal mienskipsprojekten joegen de trochslach, sa bliek út it sjueryrapport.
Jelle Burggraaff is ferantwurdlik foar de ynternajonale kontakten: “Oant no ta late in oanrikkemedaasje yn alle gefallen ta it takennen fan de priis. Dit is dêrom hiel moai nijs.” Hy foeget der oan ta dat “de sjuery it knap fûn dat fierwei it grutste part fan de projekten út ús bidbook fan 2013 noch altyd yn it programma sit.”

It ynternasjonale panel, oansteld troch de Europeeske kommisje, folget de ûntwikkelings fan de Ecoc’s (European Capitals of Culture) yn 2018 (LF2018 en Valletta2018) op ‘e foet. Sûnt it winnen fan de titel lei Ljouwert-Fryslân 2018 al ferskate kearen ferantwurding ôf yn Brussel. De moeting fan 7 maart wie de tredde en lêste proef fan bekwamens.

Op it mêd fan marketing en kommunikaasje, sa advisearret de sjuery, kin LF2018 him noch mear op de ynternasjonale besiker rjochtsje. Om de sichtberens en nammebekendheid te fergrutsjen soe der noch mear gearwurke wurde kinne mei nasjonale kulturele ynstellings, sa seit it panel. Burggraaff: “We nimme de advizen fansels nei. It binne punten wêr’t we oars ek al oan wurkje. Dit waard troch de sjuery erkend.”

It beslút om de Melina Mercouri Prijs definityf te te kannen wurdt yn ‘e hjerst fan 2017 nommen.