Nijs

Simmerdeis sit derop!

Simmerdeis sit derop!

Simmerdeis sit derop!

Simmerdeis sit derop!

Simmerdeis sit derop!

Simmerdeis sit derop!

Dielen

Simmerdeis sit derop!

Sneintejûn; de freonen fan Simmerdeis

It begjint op it haadpoadium mei funky reggea. De simmerske klanken waaie út, nettsjintsteande it earst wat mizerige waar, der komt noch mear oan. Wrâldmuzyk mei de juste toan en foaral in soad entûsjasme fanôf it poadium. It waar makket ynearsten wat weemoedich, sa op de lêste Simmerdeisjûn. Wurdt der kommende wike wer gewoan tennisse en fuotballe op dit plak?

Undertusken makket de band, en benammen de bas en perkusje, it swingen ienfâldich. De langer útspûne nûmers hawwe in hypnotisearjend effekt. It Simmerdeiskoar falt yniens yn tagelyk mei de reindrippen. We sjogge de winneres fan The Voice of Drachten hearlik meidwaan.

De tinten winne oan populêrens troch de waarsomstannichheden, sa wurde der nije freonen makke. De gesprekken dy’t te hearen binne sizze allegearre itselde; wat wie it wer moai dit Simmerdeiswykein.

Sa spielt it festival letterlik en figuerlik op in moaie manier fuort. Der is noch in geweldich ein foar de die hards. Foar it poadium is in ploechje dûnsers sa hearlik Afrikaansk oan it swingen datst allinne mar bliid tasjen kinst. “Move on up”, in regelrjochte fingerwizing, meist it park no ferlitte, mar foaral: kom werom takom jier want we hawwe noch safolle wat we sjen litte wolle.

Simmerdeis 2017 kaam, seach en oerwûn.

Oant takom jier, dan is Simmerdeis fan tongersdei 28 juny o/m sneon 1 july. Oant dan!