Nijs

Set him yn ‘e aginda: elke tredde tongersdei fan ‘e moanne is it 2018-kafee

Dielen

Set him yn ‘e aginda: elke tredde tongersdei fan ‘e moanne is it 2018-kafee

De earste edysje fan it 2018-kafee fynt tongersei 18 maaie plak yn Paddy O’Ryan. Om te soargjen foar in sa ynformeel mooglike sfear is besletten om de byienkomst yn in echt kafee te hâlden. “Wy geane om samar te sizzen nei de minsken ta”, seit Haike Visscher, ferantwurdlik foar de Fryske LF2018-kampanje.

It 2018-kafee is elke tongersdei fan ‘e moanne en begjint om 17.00 oere. “It leafst wikselje we hieltyd fan lokaasje. Yn Ljouwert en mooglik ek der bûten.”

De ôftraap fan it 2018-kafee wurdt op 18 maaie dien troch programmamakkers Sjoerd Bootsma en Claudia Woolgar, Oeds Westerhof en Marije Jansen (haad marketing & kommunikaasje). Sy fertelle ‘It Ferhaal’ oer Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. Wêrom keas de Europeeske sjuery foar ús? Wat is de haadsaak fan it projekt en hoe komme de ferskillende ferhaallinen aanst oan bod yn de eveneminten? En hoe wolle we dat ús provinsje der yn 2030 útsjocht?

De earste ‘DonderdagMiddagBorrel’ fan LF2018 praat jo by. “En it earste drankje krije jo fan ús”, seit Haike.

Elkenien is dus fan herten wolkom. Paddy O’Ryan sit oan de Twabaksmerk 49 yn Ljouwert.

De neifolgjende DoMiBo's binne op 15 juny, 20 july, 14 septimber, 19 oktober, 16 novimber en 21 desimber. De data binne ûnder foarbehâld; mooglike wizigingen wurde troch ús fia ûnder mear de sosjale media bekendmakke.