Nijs

Programmanijs | Winkeliersferiening Lytse Tsjerkestrjitte: “Under de Toer is in prachtprojekt”

Jan Willem Schoot fan winkeliersferiening Lytse Tsjerkestrjitte. Foto Wietze Landman

Dielen

Programmanijs | Winkeliersferiening Lytse Tsjerkestrjitte: “Under de Toer is in prachtprojekt”

“De ûndernimmers fan de Lytse Tsjerkestrjitte sitte letterlik ‘Under de Toer’. Elke wurkdei begjinne wy mei de Aldehou en sa slúte wy de dei ek wer ôf”, fertelt foarsitter Jan Willem Schoot fan winkeliersferiening Lytse Tsjerkestrjitte.

Hy nimt in slokje fan syn farske selsmakke cappuccino. “Sjoch, de Aldehou is in wichtige trekpleister yn Ljouwert en dêr binne wy ferskriklike bliid mei. Want al dy deitoeristen en oare besikers fan de stêd kuierje faak ek troch de Lytse Tsjerkestrjitte.” Slinterjend oer de lytse klinkerts kinne se genietsje fan de âlde hûzen. “Us strjitte strielt histoarje út. Dat fine minsken leuk om te sjen en te ûnderfinen.” Yn de boetykjes en lytse winkels komme se dan om Fryske lekkernijen, unike klean, sûvenirs of gewoan in noflik praatsje.

Ljouwert-Fryslân 2018 is noch net iens offisjeel begûn, dochs is Schoot derfan oertsjûge dat it foar de ûndernimmers fan de Lytse Tsjerkestrjitte absolút fertuten dwaan sil. “By banketbakkerij Salverda lizze de LF2018 gebakjes al yn de fitrine, en ek de lytse 2018-tsyskes by de Zuivelhoeve wurde goed ferkocht. Okkerdeis hawwe we as binnenstêd al profitearje mochten fan de tige suksesfolle tentoanstelling oer Alma Tadema yn it Fries Museum. In protte museumgongers brochten ek in besykje oan de Lytse Tsjerkestrjitte, dus dat belooft grif wat foar 2018.”

De winkeliers rinne gauris by elkoar nei binnen. “It giet der yn ús fisy om dat we it mei elkoar as ûndernimmers dogge. Dat kin allinne as je elkoar ek fersterkje wolle,” fynt Schoot. Dat is ek wat de Lytse Tsjerkestrjitte sa oansprekt oan Under de Toer. “De 500 muzikanten fan it dielprojekt by de Aldehou bygelyks wolle de minsken yn 2018 wat bysûnders belibje litte mei de help fan muzyk. Der sil wat unyks barre, mar dat kinne se net allinne. Se hawwe elkoar nedich om it lûd fan de Middelsee mei-inoar te fertolkjen. En dat is ek wat wy as Lytse Tsjerkestrjitte dogge. Minsken in belibbing oanbiede, troch meielkoar as strjitte ienheid út te strielen.”

Foar Schoot persoanlik is it projekt ‘It lûd fan de Middelsee’ ekstra spesjaal. “Myn freondinne spilet althoarn by brassband de Nije Bazún fan Britsum. Troch har en har famylje bin ik brassmuzyk echt wurdearjen gien. Ik bin dus seker by it ôfslútende konsert by de Aldehou.”

De Lytse Tsjerkestrjitte is yn sawol 2010 as 2012 útroppen ta de leukste winkelstrjitte fan Nederlân. “Dat moat ús grif noch wol in kear slagje”,seit Schoot geheimsinnich. “No goed, wy wolle hiel graach yn 2018 wer de leukste winkelstrjitte fan Nederlân wurde. Hoe geweldich soe it wêze as wy dat wurde, wylst Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Europa is?”

(Nederlânske) tekst Froukje Sijtsma.