Nijs

Programmanijs | Twadde part trijelûk Opera Spanga LF2018 iepenet dizze simmer

Byld fan Opera Spanga (www.operaspanga.nl)

Dielen

Programmanijs | Twadde part trijelûk Opera Spanga LF2018 iepenet dizze simmer

Opera Spanga presintearret La Traviata. De foarstelling giet op 22 july yn premjêre en wurdt dêrnei op 25, 27, 29 en 31 july en 2, 4 en 5 augustus spile. De klassiker La Traviata is de meast opfierde opera fan Verdi en makket diel út fan it trijelûk yn it programma fan Ljouwert-Fryslân 2018. Kaarten binne te krijen fia de webside www.operaspanga.nl.

Ferline jier stie Macbeth op it programm fan Opera Spanga, yn 2018 wurdt Aida yn de healiepen tinte fan it Weststellingwerver doarp Spangea opfierd. Beide foarstellings binne al ûnderdiel fan Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. It is mooglik om foarôfgeand oan La Traviata in trijegongen-diner te nuttigjen. Reservearje hjirfoar kin ek fia www.operaspanga.nl.

Stingray Brava

Televyzjestjoerder Stingray Brava jout ek de kommende tiid omtinken oan Opera Spanga. As ûnderdiel fan de operamoanne wurdt The Electric Flute útsjoerd, de foarstelling wêrmei’t Spanga yn 2015 it Oranjewoud festival sa oertsjûgend iepene. Stingray Brava is de televyzjestjoerder dy’t inkeld en allinne opera, ballet en klassike muzyk útsjoerd.

Wolst The Electric Flute fan Opera Spanga weromsjen? Sjoch dan ris op www.stingraybrava.com.

De freonen fan Spanga

Wa’t freon fan Opera Spanga wurdt, krijt twa nijsbrieven yn it jier, is wis fan de bêste plakken by de foarstellings en wurdt útnûge foar de jierlikse Vriendenmiddag. Freon wurde fan Opera Spanga? Klik dan hjir.

Oer La Traviata en Spanga

Fan 22 july oant ‘e mei 5 augustus 2017 is La Traviata (1853) yn ‘e greide fan Jacob en Coby yn it Fryske Spangea te sjen. Opera Spanga makket al achtentweintich jier eigensinnige operaproduksjes.

It medium opera, mei meardere lagen en in grutte mannichte, lit alles sjen wêr’t in minske ta yn steat is, ek syn tsjustere siden. Dêrom kiest Opera Spanga foar Verdi. Dy’t de minsk yn al syn gloarje toant, mar ek yn al syn ûnsjoggens, sûnder weardeoardiel.

Dizze La Traviata spilet him ôf yn de tiid fan de feroaring yn de prostitúsje; op de skiedsline fan sjike klubs en aaklike ôfwurkplakken. In protest tsjin de hieltyd mar wreidzjende frouljushannel, in oanklacht tsjin it gebrek oan beskaving en tsjin barbaarskens. De foarstelling is de twadde fan de trijedelige kulturele haadstêd-rige fan Opera Spanga, yn gearwurking mei Filharmonie Noord: Macbeth (2016), La Traviata (2017) en Aida (2018).

Premjêre La Traviata: 22 july 2017

Foarstellings : 25, 27, 29, 31 july en 2, 4, 5 augustus

Oanfang : 20:30 uur

Lokaasje : Spangahoekwei 47 yn Spangea, 8482 KL, Fryslân