Nijs

Programmanijs | Súksesnûmer Alma-Tadema oerstiget alle ferwachtings

Direkteur Kris Callens oerlanget kado oan de 50.000ste besiker fan Alma-Tadema (Foto: Ruben van Vliet).

Dielen

Programmanijs | Súksesnûmer Alma-Tadema oerstiget alle ferwachtings

LJOUWERT - It Fries Museum hat mei de tentoanstelling oer Lourens Alma-Tadema in absolút súksesnûmer te pakken. Nei in bytsje mear as in moanne nei de iepening waard Alma-Tadema, klassieke verleiding al troch mear as 50.000 minsken besocht. Net earder kamen der yn sa’n koarte tiid safolle minsken nei it museum. “Dit is in prachtich foarbyld fan wat in kwalitatyf sterk kultureel programma foar in stêd betsjutte kin”, seit Marije Jansen, haad marketing en kommunikaasje fan Ljouwert-Fryslân 2018. Alma-Tadema makket diel út fan it programma fan Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. Yn it jier 2018 binne der yn it Fries Museum grutte tentoanstellings oer Mata Hari en M.C. Escher. Jansen: “Dat wurde ek ynternasjonale publykslûkers.”

50.000ste besiker

De 50.000ste besiker waard woansdei 9 novimber feestlik ûntfongen troch direkteur Kris Callens. De direkteur oerlange it echtpear Janneke Hoekstra-Dijkstra en Harry Hoekstra blommen en in kadopakket.

Janneke en Harry wenje yn Ljouwert en komme gauris yn it museum. “We kamen Alma-Tadema oerol tsjin. Der wurdt in soad reklame makke en we kamen ek in protte entûsjaste artikels yn ‘e kranten tjsin. Sa waarden we dochs wol bot nijsgjirrich,” sa seit Harry Hoekstra.

Hege wurdearring

De oerweldigjende belangstelling giet alle ferwachtings te boppen. Besikers binne tige entûsjast en de eksposysje wurdt mei gemiddeld in 8.6 heech wurdearre. De tentoanstelling iepene op 1 oktober 2016 en is noch te sjen oant ‘e mei 7 febrewaris 2017.

Wêr’t it museum op de âlde lokaasje yn trochsneed sa’n 50.000 besikers yn it jier luts, kaam ditselde oantal no yn wat mear as in moanne (!) nei it museum. Besikers komme út hiel Nederlân: 80 prosint fan de Nederlânske besikers komt fan bûten Fryslân. Hoareka en winkellju heakje oan mei spesjale arranzjeminten en sjogge in tanommen stream fan toeristen en deitoeristen.

Online kaartsjes

Yn ferbân mei de grutte belangstelling, dy’t der noch altyd is, binne de iepeningstiden fan it musuem ferromme. It Fries Museum is in oere earder iepen, fan 10.00 oere ôf. Om foar te kommen dat minsken yn de wachtrige foar de kassa stean moatte, advisearret it museum om fia de webside online kaartsjes te keapjen, ek ast yn besit bist fan in Museumkaart. Dat kin hjir.

Oer Alma-Tadema

Sir Lawrence Alma-Tadema is ien fan de súksesfolste skilders fan de njoggentjinde iuw. Yn syn libben wurdt er wrâldferneamd mei syn wurk. Alma-Tadema nimt de sjogger mei nei deistige sênes út de klassike âldheid en bringt dizze tiid, as earste, echt ta libben. Syn bylden binne sa werkenber en oertsjûgjend, dat regisseurs al mear as in iuw syn wurk brûke as blaudruk foar histoaryske spektakelfilms.

It Fries Museum helle foar Alma-Tadema, klassieke verleiding mear as tachtich topskilderijen út de hiele wrâld nei Ljouwert. Dizze wurken fertelle tegearre mei persoanlike foarwerpen en filmfragminten oer syn paad nei rom en hoe’t er ús byld fan de âldheid bliuwend bepaald hat. Alma-Tadema, klassieke verleiding is de grutste tentoanstelling fan de ôfrûne hûndert jier wijd oan syn oeuvre.

Eksposysje troch Europa

Alma-Tadema, klassieke verleiding sil nei Ljouwert op reis troch Europa. Fan 23 oant ‘e mei 18 juny is de tentoanstelling te sjen yn it Belvedere yn Wenen. Fan 7 july oant ‘e mei 29 oktober 2017 stiet staat Alma-Tadema: At Home in Antiquity yn it Leighton House Museum yn Londen.