Nijs

Programmanijs | ​Subsydzjeregeling iepen programma Lân fan Taal

Dielen

Programmanijs | ​Subsydzjeregeling iepen programma Lân fan Taal

LJOUWERT - Lân fan Taal wol de rykdom oan taal en meartaligens fan ús provinsje diele mei Fryslân en de wrâld. It projekt fan LF2018 wol organisaasjes en persoanen befreegje en ferbine om har mienskiplik te presintearjen yn in programma dat foar in breed publyk tagonklik en nijsgjirrich is. Yn it iepen programma is it doel om mei lytse subsydzjes allegearre taalrelatearre ideeën oanjage te kinnen om sa Lân fan Taal fan ûnderen op te fersterkjen en inisjatyfnimmers te stypjen.

Dêrom stelle wy dit jier in subsydzjeregeling iepen, dêr’t eltsenien by oanfreegje kin foar in kulturele produksje op it gebiet fan meartaligens. Foar lytse projekten kin € 500,- beskikber wêze en foar gruttere projekten op syn meast € 5.000,-. De subsydzjeregeling is trije kear yn wurking; de earste tender rint fan 31 jannewaris.

Mear ynformaasje fine jo op de webside fan Lân fan Taal.