Nijs

Programmanijs | Oranjewoud Festival bliuwt betoverjend moai

Programmanijs | Oranjewoud Festival bliuwt betoverjend moai

Foto's Hans Jellema.

Dielen

Programmanijs | Oranjewoud Festival bliuwt betoverjend moai

Ferrast wurde wolle troch de meast prachtige túnen, griene, skadige leanen en ûnferwachte plakken? Dan is it Oranjewoud Festival perfoarst wat foar dy. De sechde edysje fan dit klassikemuzykfestival wurdt hâlden fan tongersdei 1 oant ‘e mei moandei 5 juny. Mei goed 120 nasjonale en ynternasjonale topmusisy, somtiden yn in lytsskalige, yntime setting, beloofd it festival alfêst in protte moais. It Oranjewoud Festival is ûnderdiel fan it programma fan Ljouwert-Fryslân 2018.

Leafhawwers fan klassike muzyk meie it optreden fan Trio Wanderer net misse. Dat jildt ek foar it Kaarslichtconcert troch masterpianist Enrico Pace. Foar wa’t mear fan aventoer hâldt, is it ûndergrûnske bunkerkonsert in oanrieder. Of de bysûndere útfiering fan Kurt Schwitters Ursonate yn de Ecokathedraal.

It Belgyske ensemble Revue Blanche en de Flaamske skriuwer Stefan Hertmans flechtsje in muzikaal epos en in oandwaanlik relaas ynien. Meidwaan mei ek: swierje mei ûnder it konsert Waltzing the Woods yn it histoaryske ynterieur fan Landgoed Oranjewoud op de feestlike muzyk fan ûnder oaren Johann Straus troch de musisy fan LUDWIG. Of gean op ritmyske safary yn it Bosconcert troch slachwurker Tatiana Koleva.

Fierdersoan binne der optredens fan Fuse, Julian Schneemann & Friends, blokfluitiste Lucie Horsch, fioeliste Noa Wildschut, it Rembrandt Frerichs Trio en in stikmannich oaren. It fergese slotkonsert wurdt jûn troch it Nederlands Blazers Ensemble.

Nacht fan it Park

In betoverjend ferljochte Overtuin is op sneontejûn 3 juny it dekôr foar de Nacht van het Park. Dit nije programma-ûnderdiel bestiet út in skala oan koarte konserten, wêrûnder in konsert yn folsleine tsjusterens, en in Augmented Concert troch fioelist Yannick Hiwa mei spesjale effekten, dy’t de besiker fia in koptelefoan berikke. De Nacht van het Park einiget yn styl mei in Middernachtconcert troch sjongeres Nora Fischer, it Doelen Ensemble en Aart Strootman op de elektryske gitaar.

De Proeftuin

De Proeftuin is opnij it festivalhert: it plak wêr’t elkenien priuwe kin fan (h)earlike hapkes en alderhande soarten muzyk. It publyk kin ûnder koarte optredens fan de festivalmusisy op in ûntspannen wize yn ‘e kunde komme mei ûnderskate muzykstilen. Spesjaal foar bern is der yn ’t Proevertje fan alles te dwaan en te belibjen.

Artistyk partner LUDWIG

Foar in periaode fan op syn minst twa jier is LUDWIG artistysk partner fan it Oranjewoud Festival. Lykas it festival is LUDWIG in jonge, dynamyske organisaasje dy’t in brede publyksbelibbing fan (klassike) muzyk sintraal stelt. Dit kollektyf fan topmuzikanten lit yn sân spesjaal foar it Oranjwoud Festival makke programma’s fan him hearre.

Sjoch foar mear ynformaasje en de kaartferkeap op www.oranjewoudfestival.nl. De tagong ta De Proeftuin is fergees.