Nijs

Programmanijs | ​Muzyk op de wâlskanten fan De Middelsee

Matthijs Koster en Niels van Felius (rjochts). Foto Wietze Landman

Dielen

Programmanijs | ​Muzyk op de wâlskanten fan De Middelsee

“Noch efkes ynspylje foar’t we nei boppen gean, hear.” Klaaid yn in Skotske kilt rint Niels van Felius de Aldehou út. Hy hellet in kear djip azem en set dan syn lippen oan it mûlstik fan syn doedelsek. Foarbygongers sjogge fernuvere op fan de Skotske deuntsjes dy’t oer it Aldehoustertsjerkhôf klinke. Wolkom by Under de Toer, ien fan de projekten yn it programma fan Ljouwert-Fryslân 2018.

Niels is yntusken wol wend oan de nijsgjirrigens. “Ik spylje no tolve jier doedelsek, de lêste jierren by de Ljouwerter doedelsekband ‘The Graham Lowlanders Pipes and Drums’.” Grutsk draacht er de tartan fan de Graham of Montrose. “Al iuwenlang bespylje Skotske militêren de doedelsek.” Dat ferklearret ek de dolken op syn liif. “Op myn skonk haw ik in ferburgen dolk en op myn heup de tradisjonele ‘Highland Dirk’.”

Under Ljouwert-Fryslân 2018 spilet de Aldehou in wichtige rol by it muzikale barren ‘It lûd fan de Middelsee’, ûnderdiel fan it LF2018-projekt ‘Under de Toer’. Niels leit syn ynstrumint oan ‘e kant. “As je âlde lânkaarten besjogge, dan sjogge je dat Ljouwert en de Aldehou yn ‘e midsiuwen oan de Middelsee leinen. De see-earm rûn fan de Waadsee oant Boalsert.”

Trommeler Matthijs Koster fan showband Takostu fan Stiens komt de skeve toer ynkuierjen, allyksa yn in fan oarsprong militêr unifoarm. “We sille sa op 39 meter hichte muzyk meitsje, ús alfêst ynlibje foar 2018.” Matthijs strykt syn donkerblauwe pak mei swarte en sulveren details noch efkes rjocht. Foarsichtich set er syn wite helm op en pakt de bekkens fan de stiennen flier. De hearen diele net allinne de passy foar muzyk, yn rap tempo berikke se beide mei folle bepakking de top fan de Aldehou. “Militêre dissipline”, laitsje se.

Hoe soe it eartiids oan de Middelsee klonken hawwe? De twa genietsje fan it útsjoch fanôf de toer. “Je koenen grif de wyn hearre, de fûgels, havenlûden en de libbene lûden út ‘e kroech”, sommet Niels op. Seker witte dogge se it net, mar sa’n 500 muzikanten fan de Gearwurkjende Muzykferienings Ljouwert sille op 30 septimner 2018 besykje dat hearre te litten. “Op ferskate plakken tusken Ljouwert en Hijum jouwe muzikanten optredens. Oan it ein fan de middei musisearje we hjir mei-elkoar.” Komponist Geert Jan Kroon skriuwt it stik. “In tipke fan de sluier: de doedelsek klint net ‘ûnder de toer’, mar fier dêrboppen”, laket Niels.

Mear witte oer dit projekt? Sjoch dan ek ris op www.underdetoer.nl.

Tekst Froukje Sijtsma.