Nijs

Programmanijs | Meikoarten start kaartferkeap bysûnder lokaasjespektakel Lost in the Greenhouse

Programmanijs | Meikoarten start kaartferkeap bysûnder lokaasjespektakel Lost in the Greenhouse

Dielen

Programmanijs | Meikoarten start kaartferkeap bysûnder lokaasjespektakel Lost in the Greenhouse

Noch in pear wiken en dan begjint de foarferkeap fan Lost in the Greenhouse. Kaarten binne fan 27 maaie ôf te krijen fia www.lawei.nl. Lost in the Greenhouse is in muzykteaterfoarstelling fan De Lawei en Orkater en makket diel út fan it programma fan Ljouwert-Fryslân 2018. Bysûnder: yn 2018 wurdt Lost in the Greenhouse ferskillende kearen opfierd yn de kassen fan Seisbierrum, op it grutste glêstúnboubedriuw fan Fryslân.

Lost in the Greenhouse fertelt it ferhaal fan de Fryske en Poalske arbeiders dy’t yn de kassen wurkje. Mei-inoar plôkje se der tomaten, komkommers en oare grienten. Se foarmje in mienskip yn in keunstmjittich stikje Nederlân. De jonge Poalen hawwe hûs en hiem efterlitten. De Friezen binne thús, mar sjogge dat harren leefomjouwing feroaret. Der wurdt wurke, der wurdt feestfierd, der wurdt dronken. Der wurdt rabbe en flirt.

Dan is der ynienen in lyk. Stadichoan tekenje har de kontoeren ôf fan in tragyske leafdesskiednis. We folgje de jonge Poal Wojtek. Fan it momint ôf dat syn mem him ynsjen lit dat er yn Poalen gjin takomst hat, oant syn dramatyske ein. Ien plôkseizoen lang. Hy rekket yn fjoer en flam foar in Frysk famke. Is de brekbere Mienskip opwoeksen tsjin gefoelens fan ûnwennigens, ferlies, wriuwing en langst?

De rolferdieling

Njonken de fan oarsprong Fryske Orkater-akteur en -makker Geert Lageveen wurde de wichtichste rollen spile troch Leopold Witte, Maartje van de Wetering, akteur/muzikant Erik van der Horst en trije Poalske akteurs: Redbad Klijnstra en de yn Poalen bekende aktrise Emilia Komarnicka. Foar de rol fan Wojtek wurdt op it stuit yn Poalen in akteur socht.

Orkater

De foarstelling hat in ferhalend karakter en komt fuort út ûndersyk yn de kassen, yn Poalen en út petearen mei de plôkers. Dat soedest it Nederlânske elemint neame kinne. Orkater makke earder dit soarte foarstellings, bygelyks Kamp Holland oer de missy yn Uruzgan. Dêrneist wolle se eleminten oernimme út de Poalske teatertradysje, dy’t sterk byldzjend is. Bygelyks yn de dreambylden dy’t it ferhaal sa no en dan oernimme. Redbad Klijnstra hat de ôfrûne fiifentweintich jier yn it Poalske teater wurke en mei as in kenner beskôge wurde. Hy sit yn de fêste kearn by it Nowy Teatr, it selskip fan de ferneamde Poalske en Europeeske regisseur Krysztof Warlikowski.

Muzyk

Lykas yn alle foarstellings fan Orkater sil de muzyk in wichtige en stjoerende rol krije. De Poalske komponist Radek Fedyk sil eleminten út (Poalske) folkssmuzyk ferminge mei it gitaarlûd fan Orkater. In oantal moderne klassike Poalske stikken sille yn in nij jaske stutsen wurde, lykas de dânssekwinsje út de Poalske kultfilm Salto, of de brulloftskreaker Prawy do lewego van Goran Bregović.