Nijs

Programmanijs | ​Meartalige oankundiging fan berte OBE

Foto Wietze Landman.

Dielen

Programmanijs | ​Meartalige oankundiging fan berte OBE

OBE, sa sil de Taalekspo op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert hjitte. De namme ferwiist nei de bekendste dichter fan Fyslân, Obe Postma. Boubedriuw Lont wurdt ferantwurdlik foar de bou fan it taalbelibbingssintrum. Deputearre Sietske Poepjes makke dit hjoed bekend yn de Aldehou, ûnder in meartalige ôftraap fan it LF2018-projekt Lân fan Taal.

Under de byienkomst waard as ‘startrede’ fan Lân fan Taal in spesjaal troch Maarten van der Graaff skreaun gedicht foardroegen. Van der Graaf lêsde sels de Nederlânske ferzje foar, de achtjierrige Iwan Hut (soan fan dichter Arjen Hut) droech it gedicht yn it Frysk foar.

Ynteraktyf besikerssintrum

De bou fan OBE, in ûntwerp fan Powerhouse Company, set ein maaie útein. Ein 2017 fine der al de earste aktiviteiten plak. OBE is yn 2018 net allinne in ynteraktyf besikerssintrum, mar jout ek plak oan in keunstynstallaasje fan Tim Etchells. Oan de bûtenkant komt in fêste tribune dy’t ûnder festivals en eveneminten brûkt wurde kin. It gebou bliuwt nei 2018 yn gebrûk as taalbelibbingssintrum.

“Wy steane oan it begjin fan in unyk taalfeest”, ljochte deputearre Sietske Poepjes ta. “It jier 2018 is net folslein sûnder de meartaligens dy’t ús sa bysûnder makket. Taal yn al syn fasetten wurdt útljochte, foar bern oant de âlderein en foar wittenskippers oant de rekreänt. Lân fan Taal is der foar elkenien, ek nei 2018.”

Siart Smit, programmadirekteur Lân fan Taal: “Wy woenen by dizze oankundiging fan it begjin fan de bou fan Lân fan taal daliks dúdlik meitsje dat taal om it belibjen giet. Dêrom in mearfâld oan talen yn byld, lûd en live. Yn de oanrin nei 2018 sille wy hieltiten faker sichtber wêze as Lân fan Taal en nûgje mei klam elkenien út om mei te dwaan”.

Lân fan taal

Lân fan taal makket diel út fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 en wurdt oanfierd troch de provinsje sels. It programma fiert de taal yn al har fasetten. By alle aktiviteiten, foarstellings, eksposysjes en ynstallaasjes stiet meartaligens foarop. Mei it Frysk as pronkstik.

Lân fan Taal is in gearwurking tusken Afûk, Explore the North, Fryske Akademy, gemeente Ljouwert, Histoarysk Sintrum Ljouwert, Neushoorn, Omrop Fryslân, provinsje Fryslân, Ryksuniversiteit Grins, Tresoar en Tryater.

Mear ynformaasje is te finen op de webside fan Lân fan Taal: www.lanfantaal.frl.