Nijs

Programmanijs | Lytse doarpen fertelle grutte ferhalen

De freondinnen Aukje de Hoop, Tjitske Swierstra en Wytske Hoekstra hawwe hiel wat oerkes fantasearre foar’t se dit bysûndere projekt foar LF2018 betochten. (Foto's Wietze Landman)

Programmanijs | Lytse doarpen fertelle grutte ferhalen

Programmanijs | Lytse doarpen fertelle grutte ferhalen

Dielen

Programmanijs | Lytse doarpen fertelle grutte ferhalen

SWICHUM – Do stiest foar in prachtich midsiuwsk tsjerkje, njonken dy sjochst in greide fol mei Fryske hynders. Wolkom, do bist yn Swichum: in pittoresk doarpke ûnder de reek fan Ljouwert. Pak dyn mobyl of tablet, hâld it foar de kop-hals-rompbuorkerij dy’tst sjochst en lústerje nei it bysûndere ferhaal fan Viglius van Ayta van Zwichem. Doch ûnder Ljouwert-Fryslân 2018 ek de firtuele ûntdekkingsreis mei Augmented Reality troch de rike skiednis fan Wirdum en Swichum.

De freondinnen Aukje de Hoop, Tjitske Swierstra en Wytske Hoekstra hawwe hiel wat oeren oan it fantasearjen west foar’t se dit bysûndere projekt foar LF2018 betochten. Se woenen ferrasse, har ûnderskiede en ek wat bliuwends bydrage. “Mei Augmented Reality foege we firtueel wat ta oan dizze omjouwing”, leit Tjitske út. “Sa komst mear te witten oer de skiednis fan dizze doarpkes.”

Tegearre ûntwikkelje se no de app ‘meAR Fryslân’ mei ynspirearjende filmkes wêryn’t akteurs ferhalen fertelle oer Wurdum en Swichum, bygelyks oer it bysûndere begraafplak fan de adellike famylje Eisinga of oer de yn de Twadde Wrâldoarloch delstoarte sersjant W.R. Fisher.

Viglius van Aytta van Zwichum

De ûntdekkingsreis is seis kilomter lang en meist sels dyn rûte útstippelje. Op ferskate plakken kinst dan filmkes op dyn telefoan besjen. By it tsjerkje fan Swichum ferskynt de 16e iuwske Viglius van Aytta van Zwichum op dyn skerm. “Viglius is de Latynske namme fan Wigle, de soan fan in heareboer út Swichum. Hy groeide hjir by syn omke op dizze pleats op”, fertelt Aukje. Letter waard Wigle ien fan de wichtichste bestjoerders yn de tiid dat keizer Karel V en de Spaanske kening Filips II yn Nederlân oan de macht wienen. “De measte minsken witte dat hielendal net,” seit Wytske. “Mei dizze app kinne we dat ferhaal op ludike wize fertelle.”

In protte doarpsbewenners wurkje entûsjast mei oan it projekt foar LF2018. Guon minsken hienen noch âlde aansichtkaarten of wisten histoaryske anekdoates oer dizze omkriten te fertellen. De trije froulju dienen histoarysk ûndersyk en skreaunen dêrnei teksten foar de filmkes. “Lokale akteurs fan toanielferiening Nut & Nocht spylje yn de filmkes dy’t we makke ha”, fertelt Tjitske. “En in professionele grimeur út it doarp holp ús dêrby wer mei de klean en smink,” folt Aukje oan. Alle filmkes binne aanst yn it Frysk, Nederlânsk, Dútsk en Ingelsk beskikber. “Ynsprutsen troch minsken út de buert, we dogge it mei ús allen”, beslút Wytske.

De fideo 'Augmented Reality kuiertoer' is makke troch Ronnie Porte en Niels Gerstel fan Finster op Fryslân.