Nijs

Programmanijs | 'Keunst hat my rêden fan de stoarm yn myn kop'

Jan Ketelaar yn syn wurkpleats yn Drachten (Foto Patrick van der Wal).

Dielen

Programmanijs | 'Keunst hat my rêden fan de stoarm yn myn kop'

DRACHTEN - Foar in soad Friezen is 2018 al begûn. Hja wurkje mei oan de eveneminten en projekten dy’t yn oanrin nei it jier fan Kulturele Haadstêd yn ‘e stegers steane. Wa binne dizze minsken? Wat driuwt harren en wêrom dogge se eins mei? Dizze kear keunstner Jan Ketelaar dy’t oan it keunstwurk Wachten op Hoog Water wurket, as ûnderdiel fan Sense of Place.

Understand artikel stie ôfrûne wike yn de Fryske wykblêden fan NDC Mediagroep.

Yn in âlde loads op in yndustryterrein yn Drachten wurket Jan Ketelaar yn syn atelier. Ienfâldige wurkbanken, houten sokkels en brûnzen of stielen keunstwurken folje de romte wêr’t Jan eltse dei syn hannen út ‘e mouwen stekt. “Ik móat dwaande bliuwe, oars wurd ik gek.”

Keunst as nije drug
Yn syn brune overal en bêzje seemlearen jas rint er yn ‘e hannen wriuwend nei syn wurkplak. It is kâld yn de loads. “As it echt friest fiel ik my altyd hiel stoer as ik hjir oan it wurk bin”, laket er. Ketelaar is in bysûnder man. Berne as soan fan in dominee, hat er nea de foar him frijmakke paden bewannele. “Ik bin no tweintich jier nochter, mar dat is wol oars west. Eartiids griep ik alles oan om myn moedstastân mar ûnder kontrôle te krijen. Wat ien mar oanbean, ik friet it allegear op.” Dy tiden binne foarby foar de keunstner. Hy fûn syn nije ‘drug’ yn de foarm fan keunst en hânwurk.

‘Ik fielde my sa’n omkoal’
Eins hie de soarch him ek wol wat liken, mar hy studearre – ta syn eigen grutte ferrassing – op lettere leeftyd oan de Keunstakademy. “Ik bin arbeidsûngeskikt ferklearre, om’t de hearen fûnen dat ik net hielendal helder wie yn ‘e holle. Ik fielde my in ûnbenul en waard ek sa behannele. In omkoal.” Ketelaar slokt. “Op de keunstakademy waard ik fan de ien op de oare dei foar fol oansjoen. Ik wie ien en waard wurdearre. Dat ik dy oplieding dien haw is de grutskens fan myn libben.”

Sense of Place
Op it stuit giet de tiid fan Ketelaar op oan syn nijste en grutste projekt dat er makket foar de Holwerter dream ‘Holwerd aan Zee’. It is ûnderdiel fan Sense of Place, in grutskalich projekt dat keunst en natuer rûn it Waadgebiet kombinearret om de wurdearring foar it Waadseegebiet te fergrutsjen by in breed publyk.

Mei in katrol oan it plafond takelt de keunstner in part fan it wurk omheech. In grutte dikke frou, fiif meter heech en makke fan lytsje plaatsjes kortenstiel. Wachten op Hoog Water hjit it. “Ik bin hjir sa’n protte mei dwaande dat ik hast gjin tiid mear haw om lytsere wurken te meitsjen en te ferkeapjen”, fertelt er wylst de frou omheech komt. Wachten op Hoog Water stiet symboal foar de dream fan Holwert en is it boadskip fan Jan oan de wrâld. Ketelaar: “Yn Holwert wachtsje se op heech wetter; se wolle de see nei it doarp werom bringe. Mar it byld stiet foar my ek foar balâns.”

In krêftich boadskip
It is de bedoeling fan Ketelaar dat der skielk in dikke en in tinne frou steane waans hannen je beet hâlde kinne wylst je oer de see útsjogge. De dikke frou stiet dêrby foar de oerdied oan iten, en de tinne foar it tekoart oan iten yn oare parten fan de wrâld. Ketelaar: “It skynt dat der elke dei tweintichtûzen bern stjerre fan de honger, wylst we hjirre safolle te iten hawwe. Liket my ta dat we foar’t we in tocht nei Mars meitsje, bêst noch wol wat dingen op losse kinne hjir op ierde. Dat is it boadskip dat ik mei dit byld fertelle wol.”

Syn eigen gebrûksoanwizing
Wachten op Hoog Water is noch lang net klear. De dikke frou hat noch gjin earms en der moat noch in tinne frou fan itselde materiaal njonken komme te stean. “It is in oergryslik protte wurk om al dy plaatsjes te meitsjen en op it byld te setten, mar it wurket foar my hiel rêstjouwend”, ljochtet Ketelaar ta. “Ik haw myn eigen gebrûksoanwizing sa fûn. Ik moat myn liif gewoan ôfmêdzje. Ik moat soargje dat ik oan it ein fan de dei wurch genôch bin om sliepe te kinnen, oars begjin ik om te prakkesearjen. Dan is it stoarm yn myn holle. Keunst hat my yn dat opsicht fan mysels rêden.”

Nederlânske tekst: Wiesje Procee.

Oer Sense of Place

Sense of Place kombinearret keunst en natuer om it lânskip rûn de Waadsee te ferrykjen en besikers út te noegjen om de natuer te ûnderfinen. It doel is om sa de wurdearring foar it lânskip fan – benammen – it UNESCO Wrâlderfguod Waadgebiet te fergrutsjen by in breed publyk.

It projekt hat in positive útwurking op de lokale ekonomy troch keunstners, ûndersikers, gebrûkers, maatskiplike organisaasjes, ûndernimmers en oerheden gearwurkje te litten. Troch harren dissiplines te kombinearjen ûntsteane de moaiste konstruksjes. Fan kwelders op syn Mondriaansk ta geometryske wynwurken fan helmgers. Sense of Place soarget sa foar ferbining en foar ûntsluting fan it krimpgebiet om op in bysûndere wize de dreamen fan doarpen wier te meitsjen.