Nijs

Programmanijs | In pear tûzen skilderijen yn in greide

Dirk Hakze efter in oantal fan syn panielen (Foto Patrick van der Wal).

Dielen

Programmanijs | In pear tûzen skilderijen yn in greide

SNITS - Foar in soad Friezen is 2018 al begûn. Hja wurkje mei oan de eveneminten en projekten dy’t yn oanrin nei it jier fan Kulturele Haadstêd yn ‘e stegers steane. Wa binne dizze minsken? Wat driuwt harren en wêrom dogge se eins mei? Ditkear keunstner Dirk Hakze. Hy wurket hurd oan de tarieding fan it mienskipsprojekt The Colorfield Performance.

Understeand artikel stie ôfrûne wike yn de Fryske wykblêden fan NDC Mediagroep.

Hûnderten skilderijen steane op in ezel. Elke dei wurkje der njoggentjin keunstners oan. Se komme út hiel Europa wei. No binne se yn Sleat. Yn in stik lân oan de râne fan it stedsje streame de 2018 skilderijen as ien lange, kleurige weach yn elkoar oer. Wolkom yn de wrâld fan Dirk Hakze. Wolkom yn de wrâld fan The Colorfield Performance.

It is dit byld wat yn it brein fan Dirk beitele is. De simmer fan 2018 wurdt wat him oangiet in ûnferjitlike ûnderfining. 1919 keunstners helpe mei oan it ta stânkommen fan it saneamde Land Art-projekt. The Colorfield Performance bondelet meardere losse skilderijen ta in fiergesicht dat fan in ôfstân sjoen it bêste ta syn rjocht komt. Dan is de kleurepracht as gehiel optimaal.

Leeljeblêd

Dizze grutte keunstwurken foarmje, sa’t keunstner Hakze it ferwurdet, “in krêftige markearring yn it lânskip”. Syn earste Colorfield wie yn 1992 te sjen, op it Oerol Festival op Skylge. Doe fergappe it publyk him oan 144 beskildere panielen dy’t as in lang, fleurich lint troch de dúnen slingeren. Soartgelikens, mar dan noch grutter, waard it projekt yn 2000 op Skiermûntseach werhelle. Op it strân stienen tûzen panielen yn de foarm fan in leeljeblêd opsteld. De tarieding koste him en in kollega moannen wêryn’t 550 panielen beskildere waarden.

De edysje fan 2018 slút neffens Dirk goed oan by it tema fan Ljouwert Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018: de iepen mienskip. “The Colorfield Performance is in gearwurkingsferbân fan in hiele soad yndividualisten dy’t mei-inoar in mienskip wurde.”

Keunst by de toskedokter

Om al dy skilders, yn Fryslân en foaral dêr bûten, foar it porjekt te mobilisearjen, makket Dirk tankber gebrûk fan syn managementkwaliteiten. Koart nei it ôfrûnjen fan de keunstakademy yn Ljouwert (Vredeman de Vries), folge er mei súkses de oplieding Kunstmanagement oan de Amsterdamse Hogeschool voor de Kunsten. Hy slagge cum laude. “It organisearjen fan grutskalige Gesamtwerken gie my dêrnei frij maklik ôf.” Syn earste tentoanstelling ‘Kunst In Het Wachtlokaal’, in kommersjele eksposysje by alle toskedokters fan Snits, waard in grut súkses. Hast de helte fan it toande wurk waard ferkocht.

Dirk krige it oanbod om ferskate IBM-kantoaren yn te rjochtsjen mei keunst wêrtroch it starten fan in eigen keunstútlien de logyske folgjende stap wie. Yn opdracht fan bedriuwen kaam er yn it besit fan keunstwurken fan kollega’s. En hy stie oan de widze fan keunstenaarsferiening Beeldend Actief Sneek (tsjintwurdich galery Bas10).

Krisis

Dirk waard ûndernimmer, manager en keunstner ynien. Hy organisearre stientallen eksposysjes yn binnen- en bûtenlân. Hy ûntwikkele him ta in populêr en goed ferkeapjende keunstner. It súkses lake him mei oare wurden ta. “Ik haw der lang hiel goed fan libje kinnen.” Mar lykas by in soad minsken waard Dirk hurd troffen troch de krisis. De keunsthannel stûke. Dirk, yn ‘e regel posityf stimd, seach hoe’t de finansjêle ellinde yn it gefal fan trije kollega’s sels ta de dea late. “Se stapten út it libben”.

Yn syn ateliers yn Snits en Grins giet it wurk ûnderwilens ûnfermindere troch. Hy bellet, mailt en praat mei keunstners út alle wynstreken. Al mear as 400 keunstners dogge mei. It oantal groeit alle dagen. Op syn webside ynformearret er de kandidaten en belangstellenden. Der is in rubryk mei meast stelde fragen. Kinne we ek mei in groep meidwaan? Wêr kinne we sliepe? Wêr kinne we skûlje at it reint? En wat as it stoarmt? “Och”, seit Dirk. “Oeral is in oplossing foar. En al moat ik de eintsjes oan elkoar knoopje, The Colorfield sil der komme. Gjin twivel mooglik!”

(Nederlânske) tekst Radboud Droog.