Nijs

Programmanijs | Alle ûntwerpen 11Fountains klear foar presintaasje 19 maaie

Dielen

Programmanijs | Alle ûntwerpen 11Fountains klear foar presintaasje 19 maaie

Alle alve ûntwerpen fan it projekt 11Fountains binne klear. Se wurde op freed 19 maaie presintearre yn de Martinitsjerke yn Frjentsjer. En fansels is elkenien fan herten wolkom om se dan te besjen. Dat kin tusken 16.00 en 18.00 oere. Ek wurdt der ferteld wêr’t de keunstner syn of har ynspiraasje wei hat en wêrom’t der foar dizze ûntwerpen keazen is.

11Fountains is ien fan de projekten fan Ljouwert-Fryslân 2018 (LF2018). Kommend jier wurde alle fonteinen realisearre en pleatst yn de alve Fryske stêden. Oer in jier sil 11Fountains feestlik en offisjeel iepene wurde.