Nijs

Lykwichtige begrutting foar programma LF2018

Dielen

Lykwichtige begrutting foar programma LF2018

De finansiering foar Ljouwert-Fryslân 2018 (LF2018) is fierhinne rûn. Provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert jouwe foar ien kear in ekstra finansjele bydrage, sadat de lêste wichtige stappen setten wurde kin rjochting 2018. Dêrneist dekke de oerheden guon mooglike risiko’s ôf mei in foarsjenning. Provinsjale Steaten en de gemeenteried bûge harren meikoarten oer it foarstel.

Ljouwert-Fryslân 2018 is optein mei it foarnimmen fan de kolleezjes om ûnder mear in ekstra finansjele bydrage fan 1,75 miljoen euro frij te meitsjen. Troch harren mienskiplike ekstra ynfestearring is der no in lykwichtige begrutting foar Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. “Hjirmei”, seit finansjeel direkteur John Bonnema, “kinne ús plannen, foar it grutste part al fêstlein yn it bidbook fan 2013, útfierd wurde.”

De stipe fan de beide kolleezjes helpt it programma yn stân te hâlden. Grutte produksjes lykas Giant Steps (Royal de Luxe) en 11Fountains kinne no seker trochgean. Boppedat wurdt de útfiering fan it projekt 11Fountains oerdroegen oan de Provinsje, dy’t better ynstean kin foar de lange termyn-ûntwikkeling fan dit projekt.

De Gemeente Ljouwert nimt in part fan de logistike ferantwurdlikheid op har foar it projekt Giant Steps, fanút harren spesifike ekspertise yn de binnenstêd. De ferantwurding oer de artistike produksje bliuwt in taak foar LF2018. Bonnema: “Sawol de provinsje as de gemeente binne mei ús fan miening dat it kulturele programma takom jier net sûnder in publykslûker as Royal de Luxe kin. Sûnder ekstra finansjele stipe wie in besyk fan de reuzen ûnder druk kaam te stean.”

Bonnema ûnderstreket dat der net boppe it budzjet gien is: “Us útgongspunt wie en is: we jouwe gjin jild út wat der net is.”

LF2018 stribbet nei in sûn lykwicht tusken de doelstellingen út it bidbook, de úteinlike programmearing en in slútende mearjierrebegrutting.

Ek yn de kommende moannen sil ús famylje fan sponsoaren en partners noch grutter wurde, sawol foar de bidbookprojekten as foar de stikmannige mienskipsprojekten. Mei in begrutting yn lykwicht kin de fokus no lein wurde op it bekend meitsjen fan it folsleine programma op 5 oktober 2017.