Nijs

LF2018 krijt wol ien sintraal kaartferkeappunt foar eveneminten

Dielen

LF2018 krijt wol ien sintraal kaartferkeappunt foar eveneminten

LJOUWERT – Der komt wol ien sintraal plak wêr’t besikers kaartsjes foar de eveneminten fan Ljouwert-Fryslân 2018 keapje kinne. Dat seit Marije Jansen, haad marketing en kommunikaasje fan LF2018. Se reagearret op in artikel dat sneon 15 july yn de Ljouwerter Krante stie en troch ferskate sosjale media dield is. “It artikel jout net in goed byld fan hoe’t de kaartferkeap fan it programma organisearre wurdt”, seit Jansen.

It artikel begjint mei de passaazje dat ‘it net slagje sil om alle tagongskaarten foar eveneminten fan Kulturele Haadstêd fia ien sintrale webside te ferkeapjen’. Dat kloppet net: “Fia de webside friesland.nl steane fan 5 oktober ôf safolle mooglik kaartferkeapende eveneminten yn ‘e etalaazje. Foar elk projekt dat in tagongspriis freget, kin de besiker aanst dus gewoan by ús in kaartsje keapje”, leit Marije Jansen út. Op 5 oktober wurdt it programma bekend makke.

It is boppedat sa dat produsinten út it programma fan LF2018 sels ek kaarten ferkeapje meie. Jansen brûkt in foarbyld: “Wa’t takom jier nei de Escher-tentoanstelling yn it Fries Museum wol, kin hjirfoar in tagongskaart fia friesland.nl keapje, it sintrale kaartferkeappunt fan LF2018. Mar besikers kinne fansels ek terjochte by de webside fan it museum.”

It is logysk dat it de produsinten frij steat om de kaartferkeap ek sels regelje te bliuwen. “Hja beskikke faak al oer goede ferkeapkanalen. Dy hâlde we graach yn stân. We hoopje mei-inoar safolle mooglik kaarten te ferkeapjen.” Ek eveneminten út it mienskipsprogramma kinne har ynkoarten oanmelde om harren kaartsjes fia friesland.nl oan te bieden. Marije Jansen: “Dan sille we de kaartferkeapsystemen oan elkoar keppelje of we wurkje mei saneamde kontinginten, dat hâldt yn dat we in oantal beskikber stelde kaarten foar de produsinten ferkeapje sille.”

Yn it artikel fan de Ljouwerter wurdt it oantal fan likernôch tritich eveneminten út it haadprogramma neamd dy’t foar de sintrale kaartferkeap yn oanmerking komme: dat is mar in part fan it folsleine haadprogramma. “Dat kloppet”, seit Jansen. “Mar dat is ek logysk, de oare eveneminten út it haadprogramma binne nammentlik fergees te besykjen. Gjinien hoecht in kaartsje te keapjen foar De Reuzen en de keunstwurken fan Sense of Place en 11Fountains, om der in pear te neamen, binne ek fergees tagonklik.”