Nijs

Lekkum, Miedum en Snakkerbuorren florearje

Watse Tichelaar (rjochts) by De Doarpstún fan Snakkerbuorren (Foto: Wietze Landman)

Lekkum, Miedum en Snakkerbuorren florearje

Lekkum, Miedum en Snakkerbuorren florearje

Dielen

Lekkum, Miedum en Snakkerbuorren florearje

LJOUWERT – Yn Snakkerbuorren is in prachtige doarpstún te finen, wêr’t it hiele jier troch alderhande aktiviteiten organisearre wurde. “Hjir komme in protte minsken út de hiele omjouwing en sels út de stêd wei. Somtiden om’t se iensum binne, om’t se efkes fan it rjochte paad binne en in steuntsje nedich hawwe om werom te kommen yn de mienskip of gewoan foar de gesellichheid en om in stientsje by te dragen.”

Watse Tichelaar, foarsitter fan LOF Snakkerburen, Lekkum en Miedum: “It is in prachtich plak om aktiviteiten te hâlden. Hjir merke je echt dat wiere Mienskipsgefoel. Al dy frijwilligers dy’t har hjirfoar ynsette, mei as oanjeier inisjatyfnimmer Theo van der Molen, dêr haw ik wier alle bewûndering foar.”

It sintsje skynt noflik. We sitte op plestik túnstuoltsjes om in tafeltsje ûnder in grutte partytinte. Om ús hinne steane in stik of tsien ekstra tafeltsjes. Efter ús wurdt der drok wurke oan it nije haadgebou fan de tún en foar ús stiet in twa meter hege tribune. It giet goed mei De Doarpstún. “Kinst sa sjen dat der jûn wer wat barre sil. De tún wurdt net allinne brûkt om te túnkjen, mar de hiele omjouwing is hjir aktyf. Sa hâldt de pleatslike toanielferiening hjir gauris foarstellingen.”

Undernimmende regio

Mar de omjouwing is mear as de ferbinende doarpstún. Yn Lekkum, Miedum en Snakkerbuorren fynst alderhande ûndernimmers dy’t op harren eigen wize tariedings treffe foar 2018. “We hawwe hjir in prachtige haven dy’t grif mear passanten krije sil. Dêrneist binne der ferskate Bed & Breakfasts dy’t fêst al boekingen foar 2018 hawwe.”

“Je merke wol dat de minsken hjir oars mei 2018 omgeane as de minsken yn ‘e stêd, en dat is logysk. Hjir hast in protte boeren, dy geane der hiel oars mei om as in fytsemakker yn it sintrum fan de stêd. Dêrneist moatst alles ek yn perspektyf pleatse. Ljouwert hat goed 100.000 ynwenners, wy miskien 700.”

“Ik bin ferline jier yn Wroclaw (Poalen) west, Kulturele Haadstêd fan 2016. Dêr haw ik sjoen hoefolle ympakt in kulturele haadstêd hat en hoefolle besikers dat lûkt. Dan kinst inisjativen allinne mar oanmoedigje.”

“Sels sit ik yn it hout en haw spesjaal foar takom jier in presintaasjeplanke foar bôle of tsiis ûntwurpen, mei in brânmerk fan de Aldehou deryn. De opbringst giet foar in part nei twa goede doelen: stichting Amurang en Akwadaa Aseda. De stichtingen sette harren yn foar kânsearme bern yn respektyflik Yndonesië en Afrika.”Dit inisjatyf hjit hiel tapaslik: ‘Er moet brood op de plank komen…’ It wurdt in beheine oplaach, dat wa’t der ien wol moat der gau by wêze.”

Sjoch foar mear ynformaasje oer Watse syn inisjatyf op www.akwadaa.nl of www.amurang.nl.