Nijs

Itensiedende Mama Mascha op nije posters LF2018

Dielen

Itensiedende Mama Mascha op nije posters LF2018

LJOUWERT – “Sa folle mooglik minsken entûsjast meitsje oer sûn, lekker en ienfâldich iten, dêr genietsje ik fan. As mem fan twa opgroeiende dochters wit ik hoe lestich dat betiden is, mar as hobbykok wit ek ek hoe leuk it wêze kin!” Mascha Perquin-Sarneel is oprjochter en eigner fan Foodtruck Mama Mascha.

Mei in coole foodtruck jout ‘Mama Mascha’ lessen sûn itensiede en fan dizze wike ôf stiet se as grutske sponsor fan Ljouwert-Fryslân 2018 op de posters fan ús ‘Meidwaan? Jawis!’-kampanje.

“It alderaardichste oan myn wurk fyn ik it ûndernimmen sels. As ik plannen meitsje en dy slagje, dan jout dat in wiere kick. Ik stypje LF2018 om’t ik it in prachtich inisjatyf fyn. It jout in positive vibe en dat fyn ik in noflik klimaat om yn te wurkjen.”

Hasto lyk as Mascha in echte passy, of bist ynspirearre rekke troch ien fan de talleaze oare projekten? Do kinst ek meidwaan! Meld dy oan fia www.2018.nl/doemee!