Nijs

ISPA simmerkongres yn juny 2018 yn Fryslân

Byld fan de IIsfoarstin fan Tryater (Foto Saris & den Engelsman).

Dielen

ISPA simmerkongres yn juny 2018 yn Fryslân

LJOUWERT – It ynternasjonale simmerkongres fan de International Society for the Performing Arts (ISPA) komt yn juny 2018 nei Fryslân ta. Mear as fjouwerhûndert lieders út de poadiumkeunsten fan oer de hiele wrâld ferbliuwe fiif dagen lang yn de provinsje om ûnder mear Oerol, Tryater, it Oranjewoudfestival, de Harmonie en Neushoorn te ûntdekken op harren 102e simmerkongres.

It is nei Amsterdam yn 1988 noch mar de twadde kear yn it santichjierrige bestean fan ISPA dat dizze konferinsje yn Nederlân hâlden wurdt. De komst fan de delegaasje fan ynternasjonale produsinten, ympressario’s en skouboarchdirekteuren út 56 ferskillende lannen is ek foar jonge Nederlânske makkers in geweldige kâns. Hja krije de mooglikheid om troch de wei fan ‘pitch sessions’ harren wurk oan de besikers sjen te litten.

De direkteur fan ISPA, David Baile, is tige entûsjast oer de primeur om as ISPA gear te wurkjen mei in Europeeske Kulturele Haadstêd: “ISPA has had the pleasure of holding congresses in many European capitals over the years, but never before have we had the honor of collaborating with a European Cultural Capital. We are excited about introducing our membership of 500 arts leaders from 56 countries around the world to Leeuwarden and Friesland.

It beslút om nei Fryslân te kommen waard troch de leden fan de ISPA dan ek mei entûsjast applaus ûntfongen tidens de Annual General Meeting yn New York earder dit jier. Nei it binnenheljen fan it ynternasjonale WTC-kongres is ek dizze ynternasjonale konferinsje wer in prachtige opstekker foar ús provinsje yn 2018.