Nijs

In Memoriam | Aukje van der Staag (6 desimber 1957-12 febrewaris 2017)

Aukje van der Staag en Piet Hoekstra lizze de Fryske gedichten yn de kontener poaters dy’t yn oktober 2016 nei Malta ôfsetten is.

Dielen

In Memoriam | Aukje van der Staag (6 desimber 1957-12 febrewaris 2017)

Dizze moanne waard it team fan Potatoes go Wild oerfallen troch aaklik nijs. Mei grutte fersleinens naam it bestjoer kennis fan it ferstjerren fan Aukje van der Staag. Aukje wie in tige wurdearre en aktyf bestjoerslid fan stichting De Bildtse Aardappelweken en yn dy hoedanichheid ien fan de driuwende krêften efter it LF2018-projekt Potatoes go Wild.

Hjirûnder stiet de tekst út de rou-advertinsje dy’t it bestjoer fan de stichting yn De Bildtse Post en de Ljouwerter Krante pleatste:

“Op freed wie der noch kontakt mei de fleurige Aukje, drok dwaande mei fan alles en noch wat. Der wie gjin inkeld sinjaal dat se der de moandei dêrop net mear wêze soe.

We koenen Aukje as in altyd warber minsk. Se wie bouboer yn hert en nieren, altyd drok dwaande om goed te soargjen foar har gewaaks op de buorkerij, mar ek altyd tiid frij meitsjend foar ûntspanning en har moaie hûs en tún. Se hie in protte sosjale kontakten, wie aktyf foar ferskate organisaasjes en geniete nettsjinsteande de nedige tsjinslagen posityf en optimistysk folop fan it libben.

Doe’t we yn 2006 de stichting De Bildtse Aardappelweken oprjochtsje woenen, wie Aukje fuortendalik entûsjast. Mei har nochteren Biltske wurkwize, har direkte wize fan oanpakken, har flinke poarsje unike humor, mar ek har somtiden saaklik oandwaande en relativearjende oanpak en de ynbring fan har grutte kontaktenetwurk wie se fan it begjin ôf oan ien fan de pylders fan it bestjoer.

It projekt ‘Ite by de boer’ kaam út har koker en se wie ûnder mear mei ferantwurdlik foar it jierlikse kampioenskip Bildtstarskilen ûnder Lammetsymet, se reizge tegearre mei oaren mannich byienkomst ôf, presintearre it programma foar 2018 op ferskate plakken en se hie de ferantwurding foar meardere oare taken.

Nei dy fan bestjoerslid Mariet bliuwt ek har stoel no leech by de gearkomsten, de troch har meibrochte fles wyn foar nei it offisjele part fan de bestjoersgearkomste (der wie ommmers altyd wol wat om te fieren) sil der net mear wêze en dat sil hiel nuver wêze.

Aukje har ynset, har enerzjy en de har sa typearjende wize fan oanpak nimme we mei yn ús fierdere aktiviteiten. We sille yn har geast trochgean en fan de Biltske Aardappelweken yn 2018 in evenemint meitsje, wêr’t ek sy grutsk op west wêzen soe.”

Wy binne d'r stil fan

Te betiid is overleden

Aukje van der Staag

Hur nuchtere anpak, direkte en enthoesjaste

inbring sille wy och soa misse

Bestjoer stichting De Bildtse Aardappelweken

Andries, Froukje, Piet, Theunis, Loet, Peter en Teun