Nijs

Iepen brief Prinses Irene slút oan op doelstellings LF2018

Prinses Irene (Foto www.welingelichtekringen.nl).

Dielen

Iepen brief Prinses Irene slút oan op doelstellings LF2018

LJOUWERT - Prinses Irene skreaun ferline wike in iepen brief oan de Nederlânske politike lieders. Yn it skriuwen leit se feitliken hiel goed út wêr’t it programma fan Ljouwert-Fryslân 2018 oer giet. De brief stiet hjirûnder, yn in Fryske oersetting:

Iepen brief oan de Fraksjefoarsitters en Listlûkers fan politike partijen yn de Earste en Twadde Keamer

“Nederlân makket him op foar de kommende ferkiezings. Om grutte groepen kiezers te binen gripe partijen nei in fersimpeling fan de komplekse wurklikheid wêryn’t wy libje. It koarte termyn-tinken, it eigen en nasjonale belang, it bespyljen fan gefoelens fan ûnmacht en miskenning foar polityk gewin, krije dan fan alle kanten tefolle romte en kreëarje in iensidich byld. De politike wurklikheid en it debat tanauje har ta in optelsom fan ûnderwurpen as wurk, ynkommen, ûnderwiis, pensioen, soarch en feiligens (op strjitte).

Salang’t we it gruttere gehiel net sjen en beprate wolle, sil it net folle oplosse. Elkenien twitteret, mar gjinien fertelt it gruttere ferhaal; elkenien zoomt yn en net ien zoomt út. Wylst it just de taak fan de polityk en de serieuze sjoernalistyk is om de nasjonale en ynternasjonale problemen, dy’t de takomst fan de minskheid bepale en bedriigje, yn gearhing te sjen, te beneamen en út te lizzen. Pas dan komme wiere oplossings yn byld en bliuwe we net hingjen yn symptoombestriding of symboalpolityk. By de fraach ‘watfoar lân wolle we wêze’ (no en letter), kinne we dan in begjin fan in antwurd meigean litte: konkrete stappen tsjin de eftergrûn fan in grutter ferhaal.

Wa’t nei it gruttere gehiel sjocht sil ynsjen dat de hjoeddeistige problemen, dy’t him op alle maatskiplike gebieten foardogge, ûnderling sterk gearhingje. Klimaatferoaring, ferskraling fan de ierdboaiem, da tanimmende flechtlingestream, ekonomyske stagnaasje, befolkingsgroei, tanimmende earm-ryk ferhâldings en geopolitike spanningen hawwe alles mei elkoar fan dwaan. It hast 50 jier âlde rapport fan de Club van Rome, dat faak de titel fan ûnheilsprofesij krijt, wurdt no yn heech tempo wurklikheid. Dizze ûntwikkeling is werom te fieren op twa mienskiplike neamers: de wize wêrop’t we mei de Ierde omgean en de wize wêrop’t we mei elkoar omgean.

De wize wêrop’t we mei de Ierde omgean is ekonomysk dreaune rôfbou. De iennige wearde liket noch de oandielhâlderswearde. De wearden dy’t der werklik ta dogge, lykas dy fan de natuer, de minsklike sûnens en de sosjale leefmienskip wurde yn de prizen fan de hillich ferklearre merk net meinommen. Hast alle ekonomen binne it der oer iens dat yn in merk-oriïntearre ekonomy it saneamde ‘ynternalisearjen fan de eksterne kosten’ (miljeu yn de prizen) de iennige reële opsje is foar miljeu- en duorsumensbelied. Mar nettsjinsteande hat nei 25 jier praten CO2 noch altyd gjin priis fan betsjutting en kin fangefolgen in effektyf klimaatbelied net fan de grûn komme.

In oar aspekt is dat de Ierde hieltyd minder as in mienskiplike boarne fan libben (‘life support system’) sjoen wurdt, wêr’t we goed en ferantwurde mei om hearre te gean. Ut dy ûntkenning wei wurdt de publike romte hieltyd fierder privatisearre en wurdt de oerheid achte hieltyd fierder werom te treden. Mei trochdat der ek yn it finansjele bestel de publyk-privaat balâns út lykwicht rekke is, binne eigendom en macht by in hieltyd lytsere groep bedriuwen konsentrearre. De iensidige ekonomyske belangen fan private partijen, yn it bysûnder dy fan de enerzjy-, itens- en finansjele yndustry, steane hieltyd mear op minne foet mei in ferantwurde wize fan omgean mei de Ierde en dêrmei mei de publike belangen fan hjoeddeistige en takomstige generaasjes. De skeve ferhâlding tusken publike ferantwurdlikheden en private belangen kinne net ûnbesprutsen bliuwe.

De twadde mienskiplike neamer is de wize wêrop’t we mei elkoar omgean. Sûnder in min ofte mear dield weardepatroan is gjin inkelde mienskip mooglik. Fan elkenien mei de reeëns ferwachte wurde om oer dy ûnderlizzende wearden yn petear te gean. Dat jildt net allinne foar groeperingen dy’t de ûnhâldbere posysje ynnimme dat se de iene, ultime wierheid yn pacht hawwe, mar allyksa foar de hjoeddeistige westerske mienskip as gehiel. Dy wurdt yn har eigen kontinuïteit bedrige troch in weardepatroan dat sa yndividualistysk en materialistysk wurden is dat it as maatskiplik ymmoreel beskôge wurde kinne soe.

It wiere politike debat oer hoe’t wy mei elkoar en mei de Ierde omgean, wurdt noch altyd net fierd. Wa hat de moed en wa nimt de ferantwurdlikheid en it inisjatyf om de grutte gearhingende eksistinsjele problemen wêr’t we no foar pleatst binne as kearn te nimmen fan politike analyzes en debat?”

Prinses Irene skreaun de brief út funskje fan har bestjoersol binnen de Stichting NatuurCollege.