Nijs

Goed 600 besikers Mienskipsbyienkomst LF2018

Fiif Fryske plannemakkers krigen in bonus fan 2.018 euro (Alle foto's bin makke troch Wietze Landman)

Goed 600 besikers Mienskipsbyienkomst LF2018

Tamara Schoppert makket in selfy mei it panel.

Goed 600 besikers Mienskipsbyienkomst LF2018

Drokte op de fûnsemerk.

Goed 600 besikers Mienskipsbyienkomst LF2018

Lieven Bertels beantwurdet in fraach fan Marijke Roskam.

Goed 600 besikers Mienskipsbyienkomst LF2018

Fûnsen en projekten moetsje elkoar yn de foyer fan De Harmonie.

Goed 600 besikers Mienskipsbyienkomst LF2018

Anke Lodder (links) fertelt oer it projekt Water Connecting.

Dielen

Goed 600 besikers Mienskipsbyienkomst LF2018

Op de grutte publyksjûn fan Ljouwert-Fryslân 2018 kamen tiisdei 18 april mear as seishûndert minsken ôf. De Mienskipsbyienkomst fûn plak yn stêdsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert. Yn de grutte seal fan de skouboarch fertelde in panel oer in grut tal projekten, wêrnei’t der yn de foyer ynhâldlike tafelpetearen fierd waarden.

De Mienskipsbyienkomst waard foarôfgien troch in fûnsemerk. Yn de foyer fan de skouboarch presintearren mear as 120 projekten fan LF2018 har oan fertsjintwurdigers fan likernôch 40 fûnsen.

'Mis it net!'

It foarpriuwke, sa’t de jûn yn in soad media oankundige wie, liet it publyk ûnder mear in fideo fan Royal de Luxe sjen: de reuzen fan it Frânske teaterselskip komme op 17,18 en 19 augustus 2018 nei Ljouwert. “Mis it net”, beklamme artistyk direkteur Lieven Bertels. Miljoenen minsken oer de hiele wrâld wienen al tsjûge fan dit prachtige ferhaal, mar yn Nederlân wienen de reuzen noch net earder te sjen.

Aktrise Tamara Schoppert fertelde oer Under de Toer, it projekt mei 31 Fryske tsjerken yn de haadrol. Op it grutte skerm waarden trochrinnend projektfoto’s fertoand. Ynhâldlik waarden tal fan mienskipsinisjativen en projekten út it kearnprogramma útlein. En Streekwruk rikke fiif kear in bonus fan 2.018 euro út oan Fryske plannemakkers.

Hoe sjocht Fryslân der yn 2030 út?

It panel mei programmamakker Sjoerd Bootsma, Lieven Bertels, wethâlder fan kultuer Sjoerd Feitsma en deputearre Sietske Poepjes beantwurde fragen fan presentatrise Marijke Roskam en gie wiidweidich yn op it ferhaal dat LF2018 fertelle wol. “Dit is it momint om elkenien te belûken by ús dreamen en petearen oer hoe’t Fryslân der yn 2030 útsjocht”, sei Bootsma. “Yn al ús projekten sette we dêrom keunstners yn dy’t meitinke oer de takomst fan ús provinsje.”

Under it twadde part fan de jûn stienen de iepen-tafelpeatearen sintraal. Meiwurkers fan LF2018 beantwurden fragen en gienen yn diskusje mei dielnimmers oan de Mienskipsbyienkomst.

2018-kafee

De folgjende publieksbyienkomst fan LF2018 is op tongersdei 18 maaie. Dan fynt yn de Blokhúspoarte it earste 2018-kafee plak dat fan dan ôf elke tredde tongersdei fan de moanne hâlden wurdt. Ynformaasje hjiroer is meikoarten op 2018.nl te finen.