Nijs

Fakatuere | Office Manager Programmateam LF2018

Dielen

Fakatuere | Office Manager Programmateam LF2018

Ljouwert en Fryslân steane yn 2018 yn de etalaazje fan Europa. Dan presintearje de stêd en provinsje har út namme fan Nederlân as de Kulturele Haadstêd fan Europa mei in unyk kultureel programma. It programma fan Ljouwert-Fryslân 2018 sil bestean út in grut tal bysûndere eveneminten en projekten dy’t yn en ek yn de oanrin nei 2018 foarm jûn wurde.

Organisaasje

De lieding fan ús organisaasje is yn hannen fan de kultureel direkteur dy’t him bystean lit troch de algemien direkteur. De direkteur neilittenskip is ferantwurdlik foar de strukturele kulturele neilittenskip fan Ljouwert-Fryslân 2018. Binnen ús organisaasje hawwe wy in programmateam besteande út fiif temaprodusinten dy’t, ûnder oamstjoering fan de kultureel direkteur, ferantwurdlik binne foar it ta stân kommen, ferwêzenlikjen en de kwaliteit fan it programma foar 2018. De funksje falt hierargysk ûnder de kultureel direkteur.

Office Manager Programmateam LF2018

Funksje

Dyn wurksumheden binne te omskriuwen as it administratyf ûnderstypjen/office manager fan it programmateam fan LF2018. Do joust individuele stipe oan alle temaprodusinten fan it programmateam LF2018. Dyn wurksumheden besteane bygelyks út: it op projektnivo ûnderstypjen, elektroanyske dossiers beheare, aginda beheare, it ferslach jaan fan (monitoarings-)petearen en gearkomsten.

Dêrneist silst spesifyk belutsen wurde foar administrative en produksjonele stipe fan it bidbookprojekt Giant Steps. Dyn wurksumheden besteane út bygelyks: dielname oan gearkomsten (technysk, mei de gemeente, MarCom, planning, ensafuorthinne), agindabehear, aginda’s en notulen, budzjetbehear, ferslachjouwing fan monitoaring, koördinaasje fan MarCom-aktiviteiten. De wurksumheden sille foltiids wêze ûnder de repetysje fan De Reuzen (heal july oant ein augustus 2018) troch bygelyks wurksumheden as it boeken en koördinearjen fan fluchten, reizen en akkomodaasje, it behear fan deijild, ensafuorthinne.

Meidat dit in nije funksje is binnen ús organisaasje kinne de aard en ynhâld fan de wurksumheden noch feroarje. Boppesteande opsomming stiet dêrom net fêst en sil him fierder ûntwikkelje. Hjir hasto in wichtige rol yn.

Funksje-easken

- romme ûnderfining op it mêd fan administratyf/sekretarieel wurk/office management.
- hbû-wurknivo
- goede behearsking fan it Ingelsk yn wurd en op skrift
- by foarkar ek in goede behearsking fan it Frânsk
- stressbestindich
- skerp prioritearje
- each foar detail
- grutte taakferantwurdlikheid
- selstannich wurkje kinne
- by foarkar ien dy’t al bekend is mei Kulturele Haadstêd
- kreatyf, mei skeakelje kinne yn in artistyk proses

Arbeidsbetingsten

- foltiids baan (1 fte) of yn oerlis 0,8 fte
- sa gau mooglik begjinne
- in salaris yn oerienstimming mei de swierte fan de funskje en ûnderfining fan de kandidaat
- kontrakt oant ‘e mei 31 desimber 2018 by in positive evaluaasje nei 6 moanne
- in telefoan, iPad en laptop wurde ta beskikking steld

Sollisitearje

Sollisitaasjes kinne oant úterlik woansdei 8 maart 2017 17.00 oere fia e-mail stjoerd wurde nei Suzanne Peeters (suzannepeeters@2018.nl ) mei it oanjaan fan ‘fakatuere meiwurker programmateam LF2018’ en dyn namme. We wolle dy freegje om de sollisitaasjebrief en it Curriculum Vitae yn Word of PDF as teaheakke mei te stjoeren. Sollisitaasjes fia brief wurde net yn behanneling naam.

Petearen mei kandidaten sille plakfine op woansei 15 maart 2017 of op tongersdei 16 maart 2017. Wy stribje nei in sa gau mooglik tsjinstbegjin.

Akwisysje wurdt net op priis steld.