Nijs

Eksposysje mei Malteeske keunst yn De Harmonie

Boargemaster Ferd Crone betanket Kelly Beerstra en Maha Elja (Foto's Wietze Landman).

Eksposysje mei Malteeske keunst yn De Harmonie

Eksposysje mei Malteeske keunst yn De Harmonie

Eksposysje mei Malteeske keunst yn De Harmonie

Eksposysje mei Malteeske keunst yn De Harmonie

Eksposysje mei Malteeske keunst yn De Harmonie

Dielen

Eksposysje mei Malteeske keunst yn De Harmonie

Mei in glânsrol foar twa learlingen fan it Friesland College en moaie wurden fan de ambassadeur fan Malta is moandeitejûn de eksposysje ‘In Transit’ iepene. De tentoanstelling mei wurk fan Malteeske keunstners is noch oant ‘e mei 24 maaie te sjen yn stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert.

De eksposysje makket diel út fan de gearwurkingsprojekten fan Valletta 2018 en Ljouwert-Fryslân 2018, takom jier beide Kulturele Haadstêd fan Europa.

Bysûnder wie dat de organisaasje foar in grut part troch 2018 Do It! fersoarge is, in learbedriuw binnen it Friesland College dat yn tarieding op takom jier al folop dwaande is mei Kulturele Haadstêd-projekten.

De twa stazjêres Kelly Beerstra en Maha Eljak, ûnder mear ferantwurdlik foar it útnûgjen en ûntfangen fan de gasten en it skriuwen fan de parse-útnûging, waarden terjochte troch boargemaster Ferd Crone betanke foar harren tsjinsten. Kelly (18) en Maha (16) studearje eventmanagement.

De panielen – as dragers fan de keunst – binne makke troch meiwurkers fan Talant Centrum Fryslân.

Nei-oan 100 gasten

De opkomst wie mei hast hûndert gasten tige slagge en nei’t boargemaster Ferd Crone it publyk wolkom hiten hie, iepene ambassadeur fan Malta Joseph Cole de tentoanstelling. De ynstallaasjes toane media-art fan tweintich keunstenrs fan Malta, by-inoar socht troch kurator Vince Briffa.

De eksposysje ‘In Transit’ is op wurkdagen te besykjen tusken 12.00 en 18.00 oere. Sneon is it publyk fan 14.00 oant 18.00 oere wolkom.