It Hiele Ferhaal

2018: de tema's

Yn in televyzjesearje of in spylfilm rinne altyd meardere feraallinen of tema's trochinoar. De sjogger wurdt troch ferskate personaazjes en foarfallen by de hân naam. Sa is it ek mei it programma fan Kulturele Haadstêd. Wy hawwe in oantal grutte tema's dy't mei-inoar it folsleine ferhaal fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 fertelle.

Iepen mienskip

Iepen mienskip is it haadtema fan ús ferhaal. Mei-inoar wurkje oan de projekten dy't wy ferwêzenlikje wolle. Yn alle stêden en doarpen fan Fryslân. Mar ek mei de rest fan Nederlân en Europa. Iepen mienskip dus. Sa wol de organisaasje fan Kulturele Haadstêd oan 'e slach gean: mei in útstutsen hân nei elkenien dy't bydrage wol én leare wol. Om der mei-inoar wat ûnferjitliks fan te meitsjen.

Lab Lwd

Ljouwert as laboratoarium fan fernijing. Gearwurkjen in nije ynfolling jaan. Minsken opsykje yn harren neiste wenomjouwing en dêr feroarings ta stân bringe. Ek dêr it debat oangean oer de takomst fan de minsken en de stêd. En foaral in hiele protte inisjativen dy't de kommende jierren noch ûntsteane omearmje, in plak jaan. Oft se no yn Ljouwert betocht binne of earne oars yn Europa. Foarop stiet dat we de hjoeddeiske realiteit net samar akseptearje, mar dat we nije foarmen fan gearlibjen besykje te skeppen. Yn in stêd dy't altyd op syk west hat nei harsels. De stêd stiet yn it Guinness Book of Records neamd as de stêd dy't it faakst fan namme feroare is.

Stêd en Plattelân

Yn de stêd is alles foar de greep. Je stappe op je fyts en je fine wat je wolle. Faak is it yn de stêd drok en lawaaiïch. Op it plattelân is der romte, stilte, tsjusterens en natuer. Yn ús programma Stêd en Plattelân bringe we dy twa wer byinoar. Wat kinne stêd en plattelân fan elkoar leare? Want wat is der moaier as in tsjustere nacht wêryn'st noch stjerren sjen kinst? Hoe soe it foar de minsken út 'e stêd wêze om wer tsjusterens gewaar te wurden? En oarsom, hoe bringe wy de oerfloed oan keunst en kultuer út de stêden no ek ris nei de doarpen?

Mienskip en Ferskaat

Mienskippen binne der yn in soad ferskiningsfoarmen. In klup of korps kin in mienskip wêze. Mar ek bewenners fan in bepaald gebiet of minsken dy't fan hurde muzyk hâlde foarmje mei-inoar in groep. Mienskippen wurde foarme om muzyk hinne, om sport hinne, om taal en kultuer hinne mar ek persoanlike foarkarren spylje in rol. Binnen dit tema besykje de projekten op spannende wize mienskippen mei-inoar yn 'e kunde komme te litten. En fiere we it ûnderskied wat der tusken minsken is.

Natuer en Kultuer

De Fryske natuer en kultuer binne ûnskiedber mei-inoar ferbûn. Tink oan de rol dy't wetter spilet binnen ús provinsje. De terpen herinnerje ús oan in tiid wêryn't de Friezen alle dagen stride moasten tsjin it wetter. De Waadsee stiet op de UNESCO-wrâlderfguodlist. Fryslân hat in lange en wrâldferneamde wettersporttradysje. De projekten binnen dit tema geane oer de relaasje mei ús omjouwing. Sa folgje we de trek fan de skriezen troch hiel Europa. We gean op syk nei nije manieren om ús natuer en kultuer byinoar te bringen.

Royal Friesian

De skiednis hat ús in soad brocht wêr't we grutsk op binne. Dat litte wy sjen in it programma dat we Royal Friesian neamd hawwe, de Ingelske namme foar it Frysk hynder. Dêr hearre grutte nammen út it ferline by, lykas Escher, Mata Hari, Slauerhoff en Alma Tadema. It Woudagemaal (De Lemmer) en it Planetarium (Frjentsjer), de terpen, de kleasterkultuer en de Oranjes. Hja hearre allegearre ta de ikoanen fan ús beskaving. Mar ek de sosjale striid dy't eartiids fierd waard, komt yn dit programma-ûnderdiel rom oan bod. Allyksa wichtige kulturele aspekten fan ús hjoeddeiske tiid, lykas de muzyktradysje, festivals en iepenloftspullen, komme mei Royal Friesian oan 'e oarder.